• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 01 - 02 - 2019 - Fries toneel Pier 21



    Stichting Cultureel Nut Workum organiseert op 1 februari Fries toneel in It Swaeigat. Pier 21 voert het stuk 'It wie op in Simmerjûn' op.

    Ga voor kaartverkoop naar www.nutworkum.nl

     

    Pier21 mei Jan Arendz en Joke Tjalsma

    It wie op in simmerjûn



     

    Theo en Anneke ha elkoar op lettere leeftyd fûn. Theo helpt sa goed as er kin by it finen fan in noflik plak yn in fersoargingstehûs foar Anneke har heit en mem, Daniël en Wimmy. Dy binne op in leeftyd dat sy allang net mear op ‘en paad kinne mei Daniël syn grutte hobby, it draaioargel. Mar Daniël en Wimmy wolle net ôfhinklik wurde en ha hiele oare plannen. Tegearre wolle sy út it libben stappe, nei in lêste dûns op ‘It wie op in simmerjûn’.

     

    Fuort nei it kulturele jier 2018 giet de tragikomeedzje ‘It wie op in simmerjûn’ fan Pier21 yn premiêre. De foarstelling lit fjouwer minsken sjen dy’t plannen meitsje foar de rest

    fan har libben. Mar dat libben giet somtiden syn eigen gong … Betûfte akteurs Jan Arendz en Joke Tjalsma spylje sawol it jonge as it âlde stel. Sy steane foar it earst tegearre op it poadium yn dit nije stik fan Bouke Oldenhof. Earder skreau Oldenhof ‘Feteranen’, dat yn 2017 bekroand waard as bêste Frysktalige toanielstuk 2013-2016. It Fryske publyk ken Joke Tjalsma fan ‘Marijke Muoi’, dêr’t sy in glânsrol yn spile. Jan Arendz reizge resint troch de provinsje mei it suksesfolle ‘Bokwert’. De regy fan ‘It wie op in simmerjûn’ is yn hannen fan Jos Thie, fêste regisseur by Pier21 en de man achter de grutte 2018-produksje ‘De Stormruiter’.



      Terug



    • Yn.Ge.Wikkel
    • De Wolvetinte
    • Bouwkundigburo Kampen
    • Ida Hylkema
    • Wereldwinkel
    • Buma
    • Gebr. Van der Wal
    • roeloffopma.nl
    • Ytsen Renema
    • Skerven
    • Slapen in It Heidenskip
    • Houtkachelwarmte



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl