• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 15 - 02 - 2018 - Pleatsenboek te bestellen met korting


    It Heidenskipster Pleatsenboek is hast klear! Op 2 juny 2018 wurdt it op de dei fan de reuny fan âld-Heidenskipsters en Heidenskipsters presintearre. It boek beskriuwt de histoarje fan 74 pleatsen en al harren bewenners. It wurdt yn kleur printe op A4-formaat en is likernôch 500 siden tsjok.

    Jo kinne it boek bestelle fia e-mail pleatsen@gmail.com ûnder fermelding fan: namme, adres, wenplak en oft it ferstjoerd wurde moat of dat jo it op 2 juny 2018 yn it Heidenskip ophelje.

    It boek kostet € 45,00
    Foar opstjoeren komt der foar elk boek € 10,00 by.

    Rekkennûmer: NL51 RABO 0314 2043 50 mei de namme “Boek Pleatsen” ûnder fermelding fan namme en oantal.

     Koarting: Bestelle jo foar 1 maart 2018 dan kostet it boek € 40,00 + de eventuele ferstjoerkosten

     It is faaks wol aardich, om alfêst in foarpriuwke te jaan út it boek “Heidenskipster Pleatsen” oer de pleats Ald Nazareth: Klik hjir.

    Mei groetnis,
    De Pleatsenkommisje
    Michiel Galama
    Sjoerd Huitema
    Dieuwke Jorritsma-Kuipers
    Gerrit Twijnstra

    pleatsen@gmail.com 

     





      Terug



    • Buma
    • Wereldwinkel
    • De Wolvetinte
    • Houtkachelwarmte
    • Skerven
    • roeloffopma.nl
    • Ida Hylkema
    • Bouwkundigburo Kampen
    • Gebr. Van der Wal
    • Slapen in It Heidenskip
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Ytsen Renema



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl