• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 01 - 06 - 2018 - 'De Brulloft'



     

     

    Wolkom op De Brulloft!

     

    Jimme sille op dizze Brulloft getuge wêze fan it houlik dat sletten wurde sil tusken:

     

    Boris van Bakker thoe Bokma en Alisa Meijer

     

    Hja binne yn hiele ferskillende miljeu’s opgroeit, mar dêr is de leafde net minder om. De famylje dêrtsjinoer, treft inoar dizze dei foar it earst en dat soarget foar de nedige spanning en argewaasje.

    Rebûlje kin dan ek net útbliuwe as de freonen mei harren grutte ferrassing komme……

    En, hearre we dêr yn é fierte net sirene’s?

     

    Kom allegear en belibje dit muzyktheater mei

    oan in prachtig plak oan ‘e Fluessen!

     

    Wy rinne mei-inoar foar de foarstelling nei it Brulloftsplak en belibje ûnderweis ek al fan alles. De ôfstan dy’t wy rinne is sa’n lytse twa kilometer en foar wa dat net goed kin, is er de mooglikheid om mei de auto te kommen.

     

    Spyldata:

    Freed 1 juny om 20 oere, start fanôf it Doarpshús It Swaeigat om

    19.30 oere

    Sneon 2 juny om 20 oere, start fanôf it Doarpshús It Swaeigat om

    19.30 oere

    Snein 3 juny om 15 oere, start fanôf it Doarpshús It Swaeigat om

    14.30 oere.

     

    Kaartferkeap via de mail: toneelitheidenskip@hotmail.com

    Kosten: € 10.- per persoan en € 5.- ûnder de 12 jier



      Terug



    • Yn.Ge.Wikkel
    • Van Der Wal
    • Wereldwinkel Workum
    • Ytsen Renema
    • roeloffopma.nl
    • Bouwkundigburo Kampen
    • Ida Hylkema
    • Hielkje van der Wal
    • Slapen in It Heidenskip
    • Houtkachelwarmte
    • Buma



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl