• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 08 - 09 - 2017 - De Ljurk, de Blomkes en de Bijtsjes


    De Ljurk, de Blomkes en de Bijtsjes                          

    Wat ha se yn it Heidenskip mei elkoar te krijen?

    No hyltiten mear.

    Sa as jim wol witte is der fan ien liet út it teaterstik “de Kening stjêrt” fan 3 jier lyn, in CD makke.

    Jitske Draijer hat doe dit lied fan “de Ljurk” ynsongen mei begelieding fan ús eigen fanfarekorps “Studio”.

    Boppe ferwachting “fljocht” dizze Ljurk noch altiten. Neist de ferkeap fan de CD wat noch steeds rint, is Jitske al in regelmjittich  frege om it liet “live” hearre te litten. Sa hat se ek al in pear kear songen foar in aktiviteit fan Kening fan de Greide. (Net te ferwarren mei ús Kening stjêrt) Sa binne we mei de Ljurk al rûnom yn  de provinsje landen.

     

    Wat dogge we mei de opbringst?

    Dat komt allegear yn It Heidenskip terjochte. De earste opbringsten binne nei de Wolvetinte gien. Derfoar binne in jier lyn twa hoekjes grûn mei blommen ynsiedde.

    It wie in hiele toer foar de blommen om dizze maaitiid de kop boppe de grûn te krijen; it waar bliuwde mar droech mar yn de rin fan de simmer  wiene  der lokkich dochs steeds mear soarten blommen te sjen. En flinders en bijen fansels, want dêr giet it yn begjinsel om!

     Blomkes yn ‘e Hel.

    Sûnt fannemaaitiid ha we der wer in nij projekt bij: “Blomkes yn ‘e Hel”. It hoekje grûn tsjin oer Fouragehandel v.d.Wal is, mei subsydzje fan gemeente SWF, geskikt makke foar it siedzjen fan blommen en krûderyk gers. Dit is yn maaie ynsiedde mar hat ek in soad lêst fan de droechte hân dat sadwaande koene we de blommen tusken it ûnkrûd noch net sa goed sjen.

    Tusken de begroeing is no in plateau oanlein. It is de bedoeling dat dêr in picknicktafel op komt te stean mei yn it blêd ferwurke in boerd mei gegevens oer de Hel. Ek sil der fanne hjerst fan It Ljurkejild, krokusboltsjes oankocht wurde sadat it bloeien al betiid yn it jier útein set.

    Dizze hjerst sille alle stikjes ynsiedde grûn noch ris meant wurde en dan hope we takommend jier op alle plakken mei wat in maklikker start op in hiele soad blommen!!

     

    In groet ek fan de “Blomkes yn ‘e Hel” groep: Johanna, Antje, Cor en Hinke,

     

                                                                                         Jitske en Ytsie

     

    Nederlandse vertaling

    Beschrijving van "de Hel"  - uit de serie Bijbelse plaatsnamen
    Bron:Reformatorisch Dagblad





      Terug



    • Buma
    • Van Der Wal
    • Wereldwinkel Workum
    • Ida Hylkema
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Bouwkundigburo Kampen
    • roeloffopma.nl
    • Slapen in It Heidenskip



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl