• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 16 - 05 - 2021 - Biodiversiteit op het erf


    Lêzing Nico Minnema op lokaasje

    Op in reinige en kâlde sneontemiddei begjin maaie 2021 binne we earst op besite bij Harry en Tryntsje v.d. Velde yn ‘e Skar dêr’t Nico Minnema komt om te fertellen oer biodiversiteit, ‘bioferskaat’ sa as it yn it Frysk hjit. Nico is boeresoan en fan âldsher hovenier. Sa troch de jierren hinne hat hy himsels steeds meer talein op bioferskaat yn ’e natuer ticht by hús op syn eigen greide en as adviseur foar oaren.

    Nico bringt ynspiraasje want mei syn libbenslange ervaring, steeds wer probearjen, it ferstân brûke, fouten meitsje en gewoan dwaan en ferwûnderje, hat hy der doel oer.

    In útspraak dy’t we in pear kear heare is: ‘Alles is overal en het milieu selecteert’. Hjirmei seit Nico; oeral yn ‘e loft en yn ‘e grûn is wat libben en sied dat troch de wyn, bisten en minsken oerbrocht is, mar de natuer, it milieu wer’t dizze elementen yn libje, bepaalt.

    We kinne de grûn wer yn’t we mear bioferskaat ha wolle oan de gong sette, mar we kinne har ek gewurde litte. Mar bring ferskaat oan yn ‘e grûn en experimentear; jo ferniele niks want dat ha je al of dat is al dien. We moate ús altyd ôffreegje; wat past by dizze grûn, wat bloeide en groeide hjir fan âldsher en hoe kinne we in nije balans fine troch te bewurkje, te weidzjen of miskien soms ek wol troch dingen te litten.

    Nico jout tips. Set de skeppe yn’e grûn en doch. Sjoch wat der bart, wat der bloeit en groeit. Meitsje hichtes yn’e tún mei seadden dy’t út de iene hoeke útgroeven wurden en op in oar plak in nije bulte wurde. Hjir yn kinne ynsekten harren plak wer fine. Mar dit kin ek mei stiennen, meitsje rûge plakjes. De útgroeven grûn kinne je wat ferskrale mei wat sân en siedzje der sied yn.

    By ferskate leveransiers binne blomrike krûden of gersmengels te bestellen. Sa as û.o.: www.biovers.nl en www.cruijdthoeck.nl en www.bolster.nl . By allegear kinne je sied bestelle en ek freegje om ynformaasje. Welke grûn hat welk sied nedich. Bestel krûden of bollen fan hjir, de soarten die hjir fan foarhinne ek stiene, bloeiden en groeiden. Siedzje se en gean stapke foar stapke fjidder. As we tinke we siedsje en dan ha we 20 jier wille, sa wurket it net. Je moate al ûnderhâlde en sjen wat bloeit en groeit. Somtiden sitte der ek krûden tusken die we as ‘onkruid’ bestempelje sille. Dat is net slim, se meie bloeie, alline as se de oerhân nimme dan moat de skeppe yn’e grûn. Kies in mengsel mei 1-jierich en 2-jierige blommen. It eerste jier sille de 1-jierigen bloeie, dernei komme de 2-jierige foar it ljocht. Blommen kinne sels ek siedzje, mar dan moat it sied wol op swarte grûn delkomme.

     

    Wanneer we ús hiemen mear blomryk meitsje wolle, kinne we in hoekje grûn om de pleats mear by de pleats belûke troch beamen b.g. knotwilgen of fruitbeamen, flear of vuilboom te plantjes en der tusken in ferskaat oan krûden of gers. It oare gerslân wat net mear boeretún is moat eins iepen fjild  bliuwe. En it lân soe mear divers oan krûden wurde kinne sa dat it riker wurde kin mei ynsekten.

    Nico wie enthousiast oer de bermen fan de Heidenskipsterdyk. De bermen fan de Heidenskipsterdyk fanôf Warkum sjogge der âld en prachtich blomryk út. It liket of binne se de ôfrûne jierren net steeds omploege en net klepele en dan hâlde je âlde grûn mei âlde blommen. De bermen wurde 2 kear yn it jier meant en it gers wurdt ôffiert. Sa kriget it krûdenryk gers kâns om te bloeien. Sûnt koart wurdt de hiele Heidenskipsterdyk 2x yn it jier meant en ôffiert. Dit is moai en moasten we ek moai sa hâlde.

    It lykwicht tusken boer en boargers bliuwt ynteressant. De blommerike rânen binne moai, mar ynsekten moate ek plak ha te oerwinterjen en de greide neist it blomrike part soe eins ek mear ferskaat ha moate. It is in syktocht nei de balâns tusken de boer en syn fertsjinste en it ferskaat oan libben yn de greiden. We slute de middei ôf mei in bakje tee yn ’e boereskuorre fan de famylje Brandsma wer’t it twadde part fan de lêzing wie en gean fol mei ynspiraasje wer op wei nei hús.

    Dizze middei is mooglik makke troch ‘it Heidenskip – fûgelgebiet’.









      Terug



    • Bouwkundigburo Kampen
    • Skerven
    • Ida Hylkema
    • De Wolvetinte
    • Houtkachelwarmte
    • roeloffopma.nl
    • Slapen in It Heidenskip
    • Ytsen Renema
    • Gebr. Van der Wal
    • Buma
    • Wereldwinkel
    • Yn.Ge.Wikkel



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl