• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 23 - 04 - 2014 - Kaartverkoop van start


    Kaartferkeap is los!!!!

     

    Lokaasje: Greide njonken Ursuladyk 14

    Oanfang: 20.30 oere

    11, 12 en 14 juny 

    De kaarten kostje € 12,50 

    Reservearje: toneelitheidenskip@hotmail.com

    Til: op wurkdagen fan 17.00-19.00 op 0515-543064

     

    facebookpagina:      de Kening stjêrt

    De oanlieding om it stik “de Kening stjêrt” te spyljen, is de fraach dy’t ús en in hiele soad oare Friezen,  dwaande hâldt nammentlik: Wat wolle wy mei it Fryske lânskip en wat ha wy dêr foar oer.

    Wy kinne it mei eigen eagen sjen;  de efterútgong fan greidefûgel- en oare weardefolle natuergebieden foar bijgelyks stedsútwreidings, yndustrie, nije diken en de yntensifearring fan de lânbou. It opofferjen fan âlde lânskippen foar  ekonomyske belangen.

    Wolle wy dit sa troch gean litte? It sette ús oan it tinken….

    Om’t wy gjin minsken binne dy’t op de barrikaden stean gean en dochs ús stientsje bijdrage wolle oan de bewustwurding fan dizze fraach, ha wy foar in wize keazen wer’t It Heidenskip goed yn is. En dat is meielkoar gearwurkje yn foarmjouwing , sang, muzyk en toaniel.

     “de Kening stjêrt” is yn it foarste  plak in humoristysk stik. It giet oer loslitten en ôfskie. Dizze swiere tematyk is ferpakt yn de prachtige metafoar fan it krimpende keninkryk mei in minslike Kening yn in taal dy’t sawol komysk as poëtysk is.

    Om’t de Kening yn it stik wol wat oerienkomsten hat mei de echte Kening fan ‘e greide; de skries, ha wy foar in iepen stik greidelân as lokaasje keazen. 

     

    Toanielferieniging "Yn it oare fel"

     





      Terug



    • Houtkachelwarmte
    • Skerven
    • Ida Hylkema
    • roeloffopma.nl
    • De Wolvetinte
    • Wereldwinkel
    • Slapen in It Heidenskip
    • Bouwkundigburo Kampen
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Gebr. Van der Wal
    • Buma
    • Ytsen Renema



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl