• Nieuws
  • Agenda
  • Regio nieuws
  • Regio agenda

  • Nieuws archief
  • 30 - 05 - 2011 - St. Gregoriusschool is Dé Skoalle fan Súdwest!


    St. Gregoriusschool uit Blauwhuis kan zich een jaar lang 'Dé skoalle fan Súdwest' noemen. Zij hebben volgens het publiek het mooiste lied ingestuurd in de strijd om deze titel. Afgelopen week konden mensen stemmen op de inzending van de drie genomineerde scholen. Met 38 % van de stemmen heeft St. Gregoriusschool uit Blauwhuis de strijd gewonnen. De uitreiking wordt komende week gedaan door wethouder Wigle Sinnema.

    ‘Dé skoalle fan Súdwest’ is een initiatief van Praat mar Frysk van de Afûk in samenwerking met studenten van Pabo Stenden Hogeschool Leeuwarden. Alle deelnemende groepen hebben dezelfde melodie gekregen en moesten een eigen tekst op het nummer schrijven. Daarna mochten de genomineerde scholen met een bekende artiest een clip opnemen. De clips zijn te zijn op www.praatmarfrysk.nl. Ruim 1.500 mensen hebben de afgelopen week op hun favoriet gestemd.

    ‘Dé skoalle fan Súdwest’ is een project in het kader van de start van de Praat-mar-Frysk campagne in de gemeente Súdwest Fryslân. De campagne richt zich op het vergroten van de zichtbaarheid van de Friese taal, zodat mensen zich vertrouwder voelen om het Fries te gebruiken. Scholen spelen hierbij een belangrijke rol.

    De prijsuitreiking zal plaatsvinden op vrijdag 10 juni om 11.30 op de St. Gregoriusskoalle in Blauwhuis (v.d. Looswei 4, Blauwhuis). U bent van harte welkom.

    Voor meer informatie kunt u contact opnemen met Fokke Jagersma, tel. 06 – 1032 4820.

                                                         ************ 

    St.Gregoriusskoalle út Blauhús mei him in jier lang ‘Dé skoalle fan Súdwest’ neame. Sy hawwe neffens it publyk it moaiste liet ynstjoerd yn de striid om dizze titel. De ôfrûne wike koe der stimt wurde op de ynstjoering fan de trije nominearre skoallen. Mei 38 % fan de stimmen hat St.Gregoriusskoalle út Blauhús de striid wûn. De priisútrikking wurdt takom wike freed dien troch wethâlder Wigle Sinnema.

    ‘Dé skoalle fan Súdwest’ is in inisjatyf fan Praat mar Frysk fan de Afûk yn gearwurking mei studinten fan Pabû Stenden Hegeskoalle Ljouwert. Alle dielnimmende groepen krigen deselde melody en moasten har eigen tekst op it nûmer skriuwe. Dêrnei mochten de nominearre skoallen tegearre mei in bekende artyst in klip opnimme. De klips binne te sjen op www.praatmarfrysk.nl. Rom 1.500 minsken hawwe de ôfrûne wike op har favoryt stimt.

    ‘Dé skoalle fan Súdwest’ is in projekt yn it ramt fan de start fan de Praat-mar-Frysk kampanje yn de gemeente Súdwest Fryslân. Dy kampanje rjochtet him op it fergrutsjen fan de sichtberens fan it Frysk, sadat minsken harren fertrouder fiele om it Frysk te brûken. Skoallen spylje dêrby in tige wichtige rol.

    De priisútrikking sil plakfine op freed 10 juny om 11.30 op de St. Gregoriusskoalle yn Blauhús (v.d. Looswei 4, Blauhús). Jo binne hjirby fan herte wolkom.

    Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Fokke Jagersma, tel. 06 – 1032 4820.





      Terug



    • Slapen in It Heidenskip
    • Gebr. Van der Wal
    • Yn.Ge.Wikkel
    • Buma
    • Ytsen Renema
    • Houtkachelwarmte
    • Skerven
    • Bouwkundigburo Kampen
    • Ida Hylkema
    • Wereldwinkel
    • De Wolvetinte
    • roeloffopma.nl



    it-heidenskip.nl - Makke troch Roelof Fopma.nl